Parseferklearring TeamNL: Anema fynt alle opskuor spitich

16 feb 2018 - 11:30

Reedrydcoach Jillert Anema fynt alle opskuor spitich, dy't ûntstien is nei oanlieding fan it artikel yn de Volkskrant oer syn besykjen ta matchfixing by de Olympyske Spelen yn 2014. Anema seit dat yn in parseferklearring dy't TeamNL út syn namme ferstjoerd hat.

Yn de ferklearring stelt Anema dat der "op in net troch my keazen momint in ferhaal yn de Volkskrant kaam is, op basis fan in ynterview dat ik yn it neijier fan 2017 jûn ha. Binnen in diel fan de ploech hat dat artikel foar ûnrêst soarge. Om de rêst net fierder te fersteuren, ha ik der tongersdei bewust foar keazen om net te reagearjen."

Anema sil fierder neat oer de kwestje sizze, salang't de Olympyske Spelen noch duorje. "Op dit stuit draait alles om de prestaasjes."

De parseferklearring fan TeamNL

"Er is, op een niet door mij gekozen moment, in De Volkskrant een verhaal verschenen aan de hand van een interview dat ik in het najaar van 2017 heb gegeven. Ik betreur de ophef die is ontstaan. Vooral omdat het binnen een deel van de ploeg voor onrust heeft gezorgd. Ik heb er bewust voor gekozen niet te reageren op de dag van de 10 kilometer om de voorbereiding en de race van beide rijders op deze afstand niet verder te verstoren.

Ik zal tijdens het restant van deze Olympische Spelen verder niet ingaan op deze zaak. Op dit moment draait alles om de prestaties. We hebben hier in PyeongChang nog ruim een week te gaan waarin we op alle nog te rijden afstanden uitkomen. Ik snap de vraag om nadere uitleg heel goed, maar vind dat de sporters nu in een rustige omgeving zich moeten kunnen voorbereiden. Ik hoop dat de media op dit moment dit standpunt kunnen respecteren in het belang van onze sporters."

(advertinsje)