Wiebes: "Soargen oer boarplatfoarm boppe Skier net nedich"

16 feb 2018 - 11:21

Minsken op Skiermûntseach hoege har neffens minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken gjin soargen te meitsjen oer de proefboarring nei gas yn de Noardsee boppe it eilân. Aktivisten fan Greenpeace hawwe it platfoarm tongersdeitejûn beset om de proefboarring tsjin te hâlden.

It platfoarm leit 20 kilometer út de kust en de minister seit dat it kwealik te sjen is. Neffens him ferwachtet net ien dat der boaiembewegingen op it eilân ûntstean sille, as der boarre wurdt. Soargen binne no net nedich, seit Wiebes. 

''Ik besteed heel veel tijd en aandacht aan Groningen, maar ben tegelijkertijd een beetje streng voor Schiermonnikoog. Er is ook nog geen sprake van winning, dat moeten we allemaal nog maar zien. Je kunt het boorplatform nauwelijks zien. Op een heldere dag, als je heel goed kijkt, zie je een stipje'', seit de minister.

Boargemaster Ineke van Gent fan de gemeente Skiermûntseach is it net iens mei Wiebes. "Wij maken ons wel zorgen en de andere Waddeilanden steunen ons daar in. We hebben hier een Werelderfgoedgebied, een Natura 2000-gebied en Nationaal Park Schiermonnikoog. Wij zijn wel ongerust over bodemdaling en wat het gaat betekenen, mocht er echt tot gaswinning worden overgegaan."

(advertinsje)