SC Hearrenfean is foar koprinner PSV wiere 'Angstgegner'

16 feb 2018 - 11:00

SC Hearrenfean spilet sneontejûn de útwedstriid by koprinner PSV. De ploech út Eindhoven spilet de lêste wiken net oertsjûgjend, mar wint wol syn wedstriden. "Ze hebben 23 keer achter elkaar thuis gewonnen", wit Hearrenfean-coach Jurgen Streppel. "Dan kun je moeilijk zeggen dat ze niet zo heel erg goed zijn. Ze hebben veel spelers die een doelpunt kunnen maken, spelen heel volwassen. Wat dat betreft zijn ze een voorbeeld voor heel Nederland."

Hearrenfean is foar PSV in 'Angstgegner'. Sa is de ploech fan Streppel ien fan de twa teams dêr't PSV dit seizoen fan ferlern hat. Fan de lêste tsien kear dat beide ploegen tsjinoermekoar stiene, ferlear Hearrenfean mar twa kear.

Ferline seizoen ferlear Hearrenfean yn Eindhoven mei 4-3, wylst de ploech yn de 88ste minút noch mei 3-2 foar stie, troch in hattrick fan Reza Ghoochannejhad. "We hebben het vorig jaar uitstekend gedaan", fynt Streppel. "Uit tegen PSV was misschien wel de beste wedstrijd van het seizoen."

Basisplak Ghoochannejhad

Streppel begjint tsjin PSV mei Ghoochannejhad yn de punt fan de oanfal. De Iraansk ynternasjonal kaam noch even werom op it ynterview fan Henk Veerman fan ferline wike. Dêryn sei de Volendammer dat er net in echte kâns krigen hie fan Streppel. "Je moet beseffen dat het een teamsport is en geen individuele sport", seit Ghoochannejhad. "We zijn allemaal wel eens teleurgesteld, dat is heel begrijpelijk. Het gaat niet om mij en het gaat niet om Veerman. We moeten er voor zorgen dat we met z'n allen de play-offs halen."

Streppel kin tsjin PSV net in berop dwaan op Dave Bulthuis. De linkerferdigener foel yn de wedstriid tsjin Roda JC út mei in blessuere en is langere tiid út de rûlaasje. Lucas Woudenberg is nei alle gedachten syn ferfanger.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean PSV fuotbal
(advertinsje)