Saak-Anema: Gemser hellet út en minister Bruins reagearret

Ald-reedrydcoach en -chef de mission Henk Gemser fan Aldehaske hat úthelle nei Jillert Anema. Neffens Gemser provosearret Anema oanhâldend en siket er altyd de konfrontaasje. Gemser reagearret dêrmei op de beskuldigingen fan matchfixing oan it adres fan Anema.
Anema hat by de Olympyske Spelen, fjouwer jier lyn, as bûnscoach fan de Frânske efterfolgingsploech oanbean de Nederlanners winne te litten. Anema sels woe neat sizze oer de kwestje.
De saak-Anema hat yntusken polityk oandacht krigen. Sharon Dijksma fan de PvdA wol fan minister Bruno Bruins mear witte oer it 'etysk kompas' fan sportkoepel NOC*NSF, dy't de matchfixing net sels nei bûten brocht.

Reaksje minister Bruins

NOC*NSF hie it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport op de hichte stelle moatten fan Anema's besykjen ta matchfixing. Dat sei minister Bruins fan Medyske Soarch en Sport freed. "Natuurlijk wil ik dat weten. Als je niets weet, kun je er niet tegen optreden."
Bruins lit de saak útsykje en wol dêrnei pas ynhâldlik reagearje. "Matchfixing hoort niet thuis in de sport. Het beneemt de lol in de sport", stelt er.