Ried Achtkarspelen stimt foar nij swimbad yn Bûtenpost

Swimbad
De gemeenteried fan Achtkarspelen hat tongersdeitejûn unanym stimd foar in nij swimbad yn Bûtenpost. Wêr't it nije swimbad komt, wurdt yn april dúdlik. Ien fan de opsjes is it parkearterrein fan it hjoeddeistige swimbad De Kûpe. Om't hjir ek in lpg-stasjon neist leit, moat der noch wol sjoen wurde nei de feiligens.
De plannen foar it nije swimbad binne no al goed útpakt foar swim- en wetterpoloklup PWC. De feriening seach it ledetal tanimmen.