UPDATE: Ungelok op Heak; dyk rjochting Harns wer iepen

16 feb 2018 - 08:26

Op de Heak by Ljouwert hat freedtemoarn, krekt foar acht oere, in ûngelok west. It ûngelok op de N31 wie by de ôfslach Goutum, yn de rjochting fan Harns. It ûngelok soarget foar in soad fertraging rûnom Ljouwert. Glêdens wie de oarsaak fan it ûngelok, seit Rykswettersteat.

Trije auto's en in frachtwein wiene by it ûngelok belutsen. Helptsjinsten wiene manmachtich útrukt. Twa minsken binne ferwûne rekke en nei it sikehûs oerbracht.

Trefwurden: 
Heak ûngelok
(advertinsje)