Kollum: "Nee"

"Nee. Trije letters, koart wurd dus hoe dreech kin it wêze. No, foar guon minsken hiel dreech. Ik drink bygelyks gjin alkohol. Ik fyn it net lekker, it seit my neat en dat hat altyd sa west. Dus as wy eartiids op stap giene en ik altyd 'nee' sei as se my fregen oft ik bier ha woe, koe it dêr eins noait by bliuwe.
Want wêrom dronk ik gjin bier, wêrom wie ik sa ûngesellich, woe ik in dan oar drankje, ik wie in suertsje, gjin echtenien, ensafuorthinne. Mar yntusken bin ik hast 47 jier, sis ik noch altyd 'nee' en moat ik itselde geseur ek noch hieltyd oanhearre. It antwurd is 'nee', PUNT! Freegje gewoan wat ik al drinke wol of hâld dy de snút.
As minsken dy freegje atst yn in feriening of bestjoer wolst, is 'nee' eins ek noait foldwaande. 'Mar it is net folle wurk hear! It stelt neat foar! Samar klear en hiel gesellich.' Dat sil allegear wol, mar je hawwe der altyd wurk fan. Ik begryp it wol, want frijwilligers binne nedich en de iene 'nee' is de oare net. Kinst it ek wifeljend sizze sadat in oar tinkt dat der noch wol in kâns is, of der moat noch efkes oer neitocht wurde.
Faak is der wol in reden by in ôfwizing mar de iene persoan is al dúdliker as de oare. Der binne ek lju dy't 'nee' tinke mar it net sizze. Dan dogge se úteinlik eat dat se eins hielendal net woene en dan kin de bom mei frustraasjes letter wolris barste. It is ek eat dat je leare moatte en lju dy't altyd aardich fûn wurde wolle, hawwe der wol gauris muoite mei omdat se bang binne in oar teloar te stellen. Dy tiid ha ik hân, wat dat oanbelanget is âlder wurde wol in útkomst.
By de kassa kin it ek sa 'n striid wêze: 'Hawwe jo ek sokken nedich?' 'Nee, hear. Sokken genôch.' 'Mar se binne yn 'e oanbieding en in pear sokken is altyd handich. Wolle jo ek in paske fan ús winkel ha? 'Nee, betanke. Ik kom om yn 'e paskes.' 'Mar mei in paske krije jo koarting en blablabla.' Restaurant. 'Wolle jo noch wat drinke? 'Nee, aanst wer.' 'Ek net in glês wetter?' NEE, NEE! En nochris NEE! Wat begripe minsken net oan dit wurd? Wêrom is it noait genôch?
Oan 'e tillefoan: 'Wolle jo ek oergean op in oare enerzjyleveransier? 'NEE!' Der binne lju by dy't neat fan dat antwurd begripe en gewoan trochprate, miskien sels noch wol neidat ik de tillefoan yn 'e hoeke smiten ha. Ik sis ek wolris 'ja', hear want ik bin fierder altyd fan goede wil. It hinget der ek fan ôf wa't it freget en op hokker manier. Op in helpfraach sil ik earder in posityf antwurd jaan. Stel dat it famke achter de kassa frege hie oft ik ek sokken keapje wol sadat sy har úteinlike doel fan tweintich pear op in dei helle hat en sadwaande in fêst kontrakt krije kin, dan hie 'k it miskien wol dien.
Ik ha al in kear immen troffen dy't myn 'nee' wol fuortendalik akseptearre. Jierren lyn rûn de iene of de oare keardel de kroech út, ik gong de kroech yn en wy stiene foar in tel tsjin elkoar oer. 'Do bist wol in lekker wiif,' sei er doe. 'Sille we neuke?' 'Nee,' sei ik. 'Wêrom net?' frege er. 'Dêr ha 'k no gjin sin mear yn, hear,' wie myn antwurd. 'Spitich,' sei er en doe rûn er fierder.
Wie dit no de ideale man? Nee! Mar hy lústere al en dat skeelt in soad drokte."