Inisjatyfnimmers heger wetterpeil Lauwersmar stelle proef út

16 feb 2018 - 07:05

De proef mei it ferheegjen fan it wetterpeil yn it Lauwersmar is útsteld. It wetter soe tongersdei omheech gean, mar wetterskip Noorderzijlvest en de provinsje Grinslân ha dat útsteld yn ôfwachting fan in rjochterlike útspraak.

De rjochtsaak is oanspand troch boeren en rekreaasjeûndernimmers dy't tinke dat se in soad skea ha sille fan it hegere wetterpeil. Earder joech de rjochter de beswiermakkers gjin gelyk.

De inisjatyfnimmers fan de proef wachtsje de útspraak fan de Ried fan Steat no earst ôf. Takom tiisdei is dy útspraak.

Trefwurden: 
Lauwersmar wetterpeil
(advertinsje)