Jouster skûtsje Oeral Thús moat op syk nei nije skipper

16 feb 2018 - 06:32

It skûtsje fan De Jouwer is op it stuit stjoerleas. Dirk Jan Reijenga hat besletten syn taken as skipper fan de Oeral Thús del te lizzen, wêrtroch't it bestjoer fan Stichting Skûtsje Haskerlân no op syk moat nei in opfolger.

Reijenga oer syn beslút: "Ik ha genoaten fan de geweldige striid op it wetter, de teamspirit, de gesellichheid binnen de ploech, it belang fan de sport foar Fryslân en al it goeds wat it skipperwêzen nei foaren bringt. Dêr stiet wol in soad ferantwurdlikens tsjinoer. Dy ferantwurdlikens nimt in protte tiid, enerzjy en motivaasje. Nei alve jier ha ik murken dat ik dat net mear opbringe kin. De drive en it entûsjasme binne fuort."

Opfolger

Foarsitter Tjeerd de Jong fan Stichting Skûtsje Haskerlân is Reijenga tankber foar syn ynset en siket no nei in opfolger: "Wij zijn dan ook op zoek naar een schipper en nog een aantal bemanningsleden die de Oeral Thús, een van de snelste skûtsjes van de vloot, naar nieuwe hoogtepunten kan brengen. Kandidaten kunnen zich bij mij melden."

Begjin dizze moanne makken trije bemanningsleden fan de Oeral Thús al bekend op te stappen. Hans Meetsma, Simon Bloemhof en Ruurd Bootsma joegen oan net mear sile te wollen foar de SKS. Sy hiene krityk op de sylformule. Dy is neffens har net earlik.

(advertinsje)