Learkrêft skoalle Flylân nimt ûntslach nei slaan learling

15 feb 2018 - 22:27

In learkrêft fan de brede skoalle De Jutter op Flylân hat sels syn ûntslach yntsjinne neidat er woansdei in learling slein hat. Dat lit algemien direkteur Robert Lanting fan de gemeente Flylân witte. "Dit had nooit mogen gebeuren. Wat de aanleiding ook was, een leerkracht hoort nooit een leerling te slaan."

De gemeente Flylân is by de situaasje belutsen om't de gemeente it foech hat oer de skoalle. "Wij zijn heel scherp op wat er op de school gebeurt, maar wij konden ons niet voorbereiden op het incident van gisteren. Je hoopt dit niet mee te maken, maar er is door de school wel adequaat op de situatie gereageerd", seit Lanting. De direksje fan de Jutter hat nei it ynsidint de dosint in skorsing oplein en oan de hân dêrfan hat de persoan sels besletten om ûntslach te nimmen.

It is oer it algemien dreech om faklearkrêften op Waadeilannen te krijen, mar de gemeente tinkt gau wer in dosint fûn te hawwen.De learling giet wer nei skoalle en it giet fierders goed nei de learling.

Trefwurden: 
Flylân learling De Jutter
(advertinsje)