Aris yn spannende wedstriid tsjin Rotterdam dochs ûnderút

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris binne tongersdeitejûn yn eigen hûs ûnderút gien tsjin Rotterdam. Yn in spannende wedstriid waard it úteinlik 72-75 foar de besikers. De Ljouwerters stienen nei it earste kwart noch op foarsprong (23-19). By rêst stie it ek noch 40-30 yn it foardiel fan de ploech fan Tony van den Bosch. De Rotterdammers kamen dêrnei hieltyd tichterby en makken yn de slotfaze mei trije punten noch krekt it ferskil.
Pas op 8 maart spilet Aris wer in kompetysjewedstriid. Dan nimme de Ljouwerters it thús op tsjin Leiden.