Sportkoepel NOC*NSF bringt IOC op de hichte fan saak-Anema

15 feb 2018 - 21:50

It NOC*NSF hat it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) dochs noch op 'e hichte steld fan de saak fan reedrydcoach Anema. De sportkoepel hat dat tongersdei besletten nei oanlieding fan berjochtjouwing yn De Volkskrant oer de affêre. Dat barde fjouwer jier lyn, by de Olympyske Winterspelen yn Sotsji. Dêr soe er oan matchfixing dien hawwe.

''Nu de zaak door Anema zelf weer via De Volkskrant in de belangstelling is gebracht, hebben we het IOC alsnog geïnformeerd'', liet de sportkoepel út Súd-Koreä wei witte. Earder op de dei hie it ynternasjonale reedrydbûn al om dúdlikens frege by it NOC*NSF.

Trefwurden: 
NOC*NSF Jillert Anema
(advertinsje)