Fryske Akademy komt mei gedichtewedstriid foar LF2018

15 feb 2018 - 21:42

De Fryske Akademy hat in dichtwedstriid útskreaun yn it ramt fan kulturele haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. In sjuery kiest de tsien moaiste gedichten út, dy't fan ein maaie ôf yn de binnentún fan de Fryske Akademy komme te hingjen. Se meitsje diel út fan in permaninte útstalling.

Dielnimmers kinne oant en mei 21 maart gedichten ynstjoere. De sjuery makket de winners yn maart bekend.

Trefwurden: 
Fryske Akademy LF2018
(advertinsje)