Koade giel: KNMI warskôget foar glêdens

© Omrop Fryslân
It KNMI hat foar tongersdeitejûn en freedtemoarn koade giel ôfjûn fanwegen mooglike glêdens. It waarynstitút warskôget foar befriezing fan de dyk en dêrtroch kâns op glêdens. Ferkearsdielnimmers wurdt frege wach te wêzen en wêr mooglik harren snelheid oan te passen.
De warskôging jildt fan tongersdeitejûn oant freedtemoarn om 10.00 oere.