Wurkstraf foar dealen drugs by fuotbalklup Dokkum

Drugs © Omrop Fryslân
In man út Dokkum moat 180 oeren ferplichte oan it wurk, ûnder mear om't er harddrugs dealde by de lokale fuotbalklup. De rjochter lei him tongersdeitemiddei ek noch in selstraf fan trije moanne op. Dy is ûnder betingst.
De Dokkumer ferkocht út syn hûs wei xtc, speed en kokaïne. Yn de kroech en by de fuotbalklup ferkochte er it spul ek. De plysje hold de man al in skoftsje yn 'e gaten. Yn septimber ferline jier waard er oppakt, nei't er drugs ferhannele hie tegearre mei immen út de Dokkumer drugswrâld. De coke wie neffens him foar eigen gebrûk, mar de rjochter gie dêr net yn mei.