FIDEO: Jorrit Bergsma huldige foar sulveren medalje op 10 km
Hy waard dan wol net earste, mar de huldiging wie der net minder om. Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard tongersdei twadde op de 10 km op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä. Reedrydcoach Jillert Anema filme it.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.