Sûkerfrije sûkerbôle as eksportprodukt nei Dútslân

15 feb 2018 - 21:14

De Fryske sûkerbôle giet de grins oer, mar dan sûnder sûker. Deputearre Sander de Rouwe hat tongersdei de earste Fryske sûkerfrije sûkerbôle oerlange krige. It idee foar de sûkerfrije sûkerbôle is útwurke troch ynnovaasjeplatfoarm Ynbusiness. Banketbakker Schaafsma yn Frjentsjer bakte de bôle, mei yngrediïnten oanlevere troch Royal Steensma, ek yn Frjentsjer. Doel is om fan de sûkerfrije sûkerbôle in eksportprodukt te meitsjen.

Yn sûkerbôle sit mear as 40 prosint sûker. Dat is in soad minsken, en ek oerheden, fierste folle en dêrom wol it net mei de eksport. Foar de sûkerfrije sûkerbôle is in sûkerferfanger brûkt. Dan giet it om it produkt sûkerei (cichorei). It wie noch wol in toer om de ferfanger as lytse stikjes yn de bôle te krijen, lykas de blokjes sûker. Dat is slagge. In bakkerijketen yn Dútslân hat al ynteresse toand. Der is ek al in oarder tekene.

Trefwurden: 
sûkerfrij sûkerbôle
(advertinsje)