KPN-steuring: Problemen mei telefyzjesjen, beljen en pinnen

15 feb 2018 - 20:12

Klanten fan KPN hawwe yn Fryslân tongersdei de hiele middei en jûn te kampen mei in steuring. Dat betsjut ûnder oare dat se problemen hawwe mei it beljen mei de fêste telefoan, mar ek mei telefyzjesjen. Under oare Omrop Fryslân is net te ûntfangen.

De grutte KPN-steuring is yn hiel Noard-Nederlân te fernimmen. Under oare Sportstêd It Hearrenfean is troffen. Dêr diene de pinautomaten it net. Meardere lokaasjes fan soarchgroep Alliade hiene der ek lêst fan. Zuidoostzorg hat it personiel nei hûs ta stjoerd om fan hûs út te wurkjen. Minsken kleie der ek oer dat se de telefyzjeútstjoeringen fan Omrop Fryslân net mear sjen kinne. Se hawwe gjin byld, mar wol lûd. In wurdfierder fan KPN tinkt dat de steuring feroarsake is troch in breuk yn in glêsfezelkabel. 

Trefwurden: 
KPN
(advertinsje)