Unbekende skilderijen Jopie Huisman foar it earst yn Fryslân

15 feb 2018 - 18:30

Besikers fan it Jopie Huisman Museum yn Warkum kinne fan takom wike ôf in bysûndere eksposysje sjen. It hiele jier wurde 34 ûnbekende wurken fan de ferneamde keunstner útstald yn it museum. De eksposysje is de ôfrûne tiid opboud, en takom wike sneon wurdt de útstalling offisjeel iepene. De wurken fan Jopie Huisman binne yn it besit fan in keunstleafhawwer út Switserlân. Hy hat de wurken foar de perioade fan de eksposysje beskikber steld oan it museum.

Neffens museumdirekteur Zwier Kroese is it unyk dat der sa'n oantal ûnbekende wurken fan Jopie Huisman yn Warkum útstald wurde. Ek ferwachtet Kroese in soad ekstra besikers. ''Ook in combinatie met het Culturele Hoofdstad-jaar verwachten wij dat een flink aantal liefhebbers ons museum weet te vinden.''

Trefwurden: 
Jopie Huisman Museum
(advertinsje)