Greenpeace beset boarplatfoarm boppe Skiermûntseach

15 feb 2018 - 21:45

Greenpeace fiert op dit stuit aksje op in boarplatfoarm boppe Skiermûntseach. Fjouwer aksjefierders binne yn de dragers fan it platfoarm klommen. Se wolle har dêr fêstsette om de proefboarring nei gas tsjin te hâlden dy't freed fan it boarplatfoarm ôf dien wurdt. Ek wolle se dat de fergunning foar it winnen fan gas boppe Skiermûntseach ynlutsen wurdt.

Greenpeace is benaud foar skea oan it Waad troch de gasboarringen. De aksjefierders wurde ûnder oare yn 'e gaten hâlden troch trije skippen fan de Kustwacht en in helikopter.en

(advertinsje)