Eask famyljedrama Ketlik: jier jeugddetinsje en jeugd-tbs

Tolve moanne jeugddetinsje en jeugd-tbs. Dat is de eask tsjin de minderjierrige jonge dy't fertochte wurdt fan de moard op syn âlden yn Ketlik.
De slachtoffers Jos Verdonk en Margreet Andriol waarden ein septimber dea fûn yn har hûs oan de Schoterlandsewei yn Ketlik. Dyselde dei noch waard de soan fan it pear oanhâlden as fertochte.
De jonge falt noch ûnder it jeugdstrafrjocht, wat betsjut dat de straffen oanpast wurde op syn leeftiid. Omdat hy minderjierrich is, is de saak efter sletten doarren behannele en is der ek neat bekendmakke oer de saak sels.