Pyeongchang, dei 8: In dei sûnder Fryske sporters

16 feb 2018 - 06:29

Freed is de earste dei op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä sûnder Fryske sporters. Foar de 5000 meter reedriden by de froulju dogge Annouk van der Weijden en Esmee Visser mei foar Nederlân.

12.00 oere: 5000 meter froulju mei in Fryske coach

De Fryske coach Remmert Eldering fan Noardburgum is wol aktyf hjoed. Hy de coach fan Esmee Visser, dy't har ein desimber ferrassend pleatste foar dizze Spelen. Visser rydt yn de fjirde fan seis ritten. Har direkte tsjinstanner is de Japanske Misaki Oshigiri.

Sneon: shorttrackers wer yn aksje

Gjin langebaanreedriden sneon, mar wol wer aksje yn de shorttrackhal. Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat steane yn de kwartfinales fan de 1000 meter. En Suzanne Schulting stiet yn de searjes fan de 1500 meter. Letter binne fan beide ôfstannen ek de heale finales en finale.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Froulju 5000 meter langebaan

Foarsizzing Koos Wieling

1. Martina Sábliková (Tsjechië)
2. Ivanie Blondin (Kanada)
3. Esmee Visser (Nederlân)

Foarsizzing Johan Stobbe

1. Esmee Visser (Nederlân)
2. Martina Sábliková (Tsjechië)
3. Isabelle Weidemann (Kanada)

​Foarsizzing Lisette van der Geest

1. Esmee Visser (Nederlân)
2. Martina Sábliková (Tsjechië)
3. Ivanie Blondin (Kanada)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)