Gefallen fan yllegaal permanint wenjen fûn by kontrôle Sumar

15 feb 2018 - 16:44

By in grutte kontrôle op rekreaasjepark Bergumermeer yn Sumar binne tongersdei gefallen fan yllegaal permanint wenjen fûn. It giet ûnder oare om in bûtenlanner, dy't it lân útset wurdt. Fan in tal oaren wurdt noch ûndersocht oft se hjir yllegaal binne.

De gemeente Tytsjerksteradiel woe mei de kontrôle ûnder oare achterhelje oft it park feilich is en oft der ek misstannen wienen. Boargemaster Jeroen Gebben: "Der wienen gjin klachten, mar de kontrôle wie om rekreaasjeparken leefber en feilich te hâlden. Wy woenen witte hoe't it mei de brânfeiligens sit, mei de permaninte bewenning, mar ek nei it ûnrjochtmjittich brûken fan foarsjenningen."

By de kontrôle wienen neist de plysje ûnder oare de fiskale resjerzje en de frjemdlingeplysje belutsen.

Trefwurden: 
Bergumermeer Sumar
(advertinsje)