Stichting wol betingsten stelle oan sâltwinning yn Harns

15 feb 2018 - 15:51

De sâltwinning by Harns soe in lanlike pilot wurde moatte as it giet om feilichheidsmaatregels te monitoaren. Dat fynt de Stichting Bescherming Historisch Harlingen. "Mei it winnen fan sâlt hat de stichting totaal gjin problemen", seit foarsitter Jarig Langhout fan Stichting Bescherming Historisch Harlingen (SBBH), "mar wy wolle fan tefoaren wol in tal saken dúdlik ha."

It bedriuw Frisia Zout wol 32 miljoen ton sâlt ûnder de grûn wei helje oant 2052. De stichting stelt dat no it momint is om betingsten te stellen oan de sâltwinning. Se wolle foarôf oan boarringen garânsjes oer it foarkommen fan skea en dúdlikens oer skeafergoedingen.

De stichting is benaud foar mear skea fan de winning as ferwachte. De histoaryske binnenstêd fan Harns is dêryn in kwetsber gebiet. De stichting wol dat minister Wiebes in pakket feilichheidsmaatregels oan de winningsgunning taheakket. It soe neffens de stichting in posityf sinjaal wêze nei de mienskip.

(advertinsje)