UPDATE: Ekskús Jorrit Bergsma oan Sven Kramer

15 feb 2018 - 17:24

Jorrit Bergsma hat tongersdei by de NOS syn ferûntskuldigings oanbean oan Sven Kramer. Earder, direkt nei syn sulveren race op de olympyske tsien kilometer, hie Bergsma oer de saak-Anema sein: "Der is mar ien persoan dy't besiket my út balâns te bringen."

In pear oeren letter sei er yn it programma Studio Sportwinter dat er fout west hat de beskuldiging by it kamp fan Sven Kramer te lizzen. Wol tinkt er dat it nijs oer Anema doelbewust nei bûten brocht is en dat immen Bergsma út balâns bringe woe. 

It hie neffens Bergsma gjin ynfloed op syn rit. "Ik ha besocht om sels in goede rit del te setten. Dat ha ik hjoed dien, dit wie it maksimaal helbere."

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)