Sven Kramer: "Ik doch it gewoan net goed"

15 feb 2018 - 14:40

Sven Kramer tinkt net dat er oait noch goud winne sil op de olympyske tsien kilometer. "Dat wurdt 'm net mear", sei er nei de teloarstellende rit tongersdei yn Súd-Koreä.

Kramer wist it al

Mei 13.01.02 waard Kramer sechsde yn Gangneung. Hy wist foar syn rit al dat it hiel dreech wurde soe om de olympyske tsien kilometer te winnen. "Ik doch it gewoan net goed", sei er nei de rit. "Ik ha net de topfoarm dy't ik in jier lyn wol hie. Dat wist ik al. En Ted-Jan Bloemen rydt in fantastyske tiid, dat ha ik dit jier noch net dien."

"Ik reitsje 'm net goed"

Kramer: "De 5.000 meter koe ik op kondysje en fermogen noch wol goed 'trochramme', mar op de 10.000 is effisjinsje en technyk belangriker. Ik reitsje 'm net goed, dan hâld ik rûntsjes fan 30.4 net fol."

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)