Olympyske missy mislearre: Kramer neist poadium, Bergsma 2e

15 feb 2018 - 13:52

Gjin Frysk goud op de tsien kilometer yn Súd-Koreä: de Kanadees Ted-Jan Bloemen pakte goud yn 12.39.77, in olympysk rekôr. Hy fersloech dêrmei titelferdigener Jorrit Bergsma en favoryt Sven Kramer. Bergsma waard twadde yn 12.41.98, Kramer teloarstellend sechsde. De Italiaan Nicola Tumolero pakte it brûns.

Flakke ritten Bloemen en Bergsma

Ted-Jan Bloemen iepene goed en koe syn rit goed flak hâlde. Hy begûn goed en hast alle rûntsjes wienen flugger as 30.5.

Dêrmei ferbettere de Kanadees de tiid fan Jorrit Bergsma, dy't in rit earder mei 12.41.98 in persoanlik rekôr ried. It earste diel fan syn rit ried Bergsma de measte rûntsjes om 30.5 hinne, mar mei noch tsien rûntsjes te gean koe er noch rapper. Syn lêste acht rûndetiden wienen allegear ûnder de 30.0. Dat wie úteinlik goed foar sulver.

Kramer stelt teloar

Yn de lêste rit begong Kramer ûnwerkenber foarsichtich. Hy siet oan it begjin in sekonde boppe de tiid fan Bloemen. Nei tsien rûntsjes koe Kramer dat tempo net mear folhâlde en moast er it skema loslitte. Hy einige úteinlik sechsde yn 13.01.02.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)