Crowley yn de basis by Cambuur

15 feb 2018 - 13:27

Daniël Crowley begjint freed yn de basis by Cambuur. Dat giet ten koste fan Ricardo Kip. Cambuur spilet de útwedstriid tsjin RKC Waalwijk. Dat wurdt de striid tusken de nûmers 18 (RKC Waalwijk) en 12 (SC Cambuur). Nei it ferlies ferline wike tsjin MVV wurdt dizze wedstriid hiel belangryk om de oansluting mei de play-offplakken net te ferliezen.

Trainer René Hake: "Cruciaal is misschien een te groot woord, want er volgen nog de nodige wedstrijden. Heel belangrijk is een overwinning tegen RKC Waalwijk wel." By Cambuur is Sai van Wermeskerken noch in fraachteken. De ferdigener foel ferline wike út mei in blessuere yn de boppefoet. As Van Wermeskerken net spylje kin, dan is Jordy van Deelen syn ferfanger.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(advertinsje)