Stimwizer De Fryske Marren online

15 feb 2018 - 13:16

Op woansdei 21 maart binne der gemeenteriedsferkiezingen. Mar net elkenien wit eksakt wat der spilet yn de gemeente en wat de stânpunten binne fan de politike partijen. Dêrom hat gemeente De Fryske Marren in StimWizer meitsje litten. De StimWizer is in stimhelp en berekkenet mei hokker partijen jo de measte oerienkomsten hawwe. De StimWizer is woansdei 14 febrewaris online kaam.

De ûnderwerpen dy't yn de gemeente fan belang binne, komme ek werom yn de StimWizer. It giet benammen om duorsumens, grienfoarsjenning, wenje, wurkje, subsydzje en belestingen. De politike partijen yn De Fryske Marren hawwe sels taljochting jûn by harren stânpunten yn de StimWizer. Dêrtroch is yn de StimWizer maklik te besjen wat partijen fine fan in bepaald ûnderwerp. Ek kinne jo de partijen ienfâldich mei-inoar ferlykje.

StimWizer as stimhelp

De StimWizer dy't makke is troch ProDemos, it 'Huis voor democratie en rechtsstaat', hat maksimaal 30 stellingen en is op maat makke foar de gemeente. Jo kinne de stellingen beäntwurdzje mei 'eens', 'oneens' of 'geen van beide'. De StimWizer berekkenet dêrnei mei hokker partij jo de measte oerienkomsten hawwe. Dit kin bygelyks handich wêze wannear't jo it lestich fine om te kiezen.

(advertinsje)