Minder besikers foar Boot Holland

15 feb 2018 - 12:43

De beurs Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert hat dit jier 31.000 besikers lutsen. Dat binne der in pear minder as ferline jier. Dochs is de organisaasje tefreden oer it ferrin fan de beurs. Sa wie der in soad belangstelling út Dútslân wei. Ien fan de standhâlders, Henk-Jan Westers, foel it ek op dat it wat minder wie mei it tal besikers, mar is dochs tefreden. "De paden waren misschien niet zo vol als we in het verleden wel zagen, maar het publiek dat er was, was serieus."

Takom jier is de 29ste edysje fan Boot Holland, fan 8 oant 13 febrewaris.

Trefwurden: 
Boot Holland WTC Expo
(advertinsje)