Lusanne van der Gun praat foar it earst oer ûntfiering

15 feb 2018 - 12:20

"Mijn kidnapper bedreigde me meteen. Hij waarschuwde naar een kliniek te rijden waar mijn organen uit mijn lichaam zouden worden gehaald, als ik niet zou luisteren", sa begjint Lusanne van der Gun út Aldeberkeap har ynterview mei de organisaasje Amber Alert. Van der Gun ferdwûn yn augustus 2003, doe't se ûnderweis wie nei skoalle. Se wie op dat stuit alve jier âld. It is foar it earst dat Lusanne oer har ûntfiering praat.

Lusanne wie mei har freondinne Carien ûnderweis doe't se by in auto in man mei in fierrekiker stean seagen. De man die krekt as wie er fan de plysje, en sei dat Carien trochfytse moast. Lusanne moast mei him meikomme 'nei it plysjeburo' om't har fyts net yn 'e oarder wie. Lusanne wie hjirnei trije dagen poater en it ferhaal wie grut nijs yn Nederlân.

AMBER Alert

Yntusken is Lusanne 25 jier âld en hat sûnt it barren net mear yn it iepenbier oer de ûntfiering praat. Se makket no in útsûndering foar AMBER Alert: "Ik hoop dat mensen erdoor inzien dat het vermiste kinderenalarm een enorm verschil kan maken bij een ontvoering als de mijne."

Yn it ynterview praat Lusanne oer hoe't it momint fan de ûntfiering foar har wie. Hoe't se bygelyks op dy 23ste augustus dochs by har ûntfierder Simon S. yn de auto kaam, is foar Lusanne net hielendal dúdlik. "Of ik ben ingestapt of de auto ben ingetrokken, herinner ik me niet. De emotionele momenten heb ik kennelijk geblockt in mijn geheugen. Wel weet ik dat ik blij was dat hij Carien liet gaan. Zij heeft suikerziekte en had zonder haar medicijnen nooit overleefd."

Yn de kofferbak

Lusanne praat wiidweidich oer wat der barde nei't se mei de man meigie. Sa krige se in blyndoek om en waard se yn de kofferbak fan de auto lein. "De achterbank was iets naar voren geklapt, zodat ik tijdens het rijden de bomen en de lucht kon zien. Kort erna kwam die waarschuwing dat hij me naar die organenkliniek zou brengen, als ik niet zou gehoorzamen."

Van der Gun fertelt dat se ûnder de ûntfiering har emoasjes útskeakele hie en op in soarte fan oerlibbingsmechanyk oergie. Trije dagen en nachten hat se yn de kofferbak lein. Oerdeis krige se iten, en nachts waard se troch S. yn in garaazjeboks allinnich litten mei de auto. "Gekneveld was ik niet, ik kon een beetje rondlopen. De roldeur van de garage stond op een kier, het bleef lang licht omdat het hoogzomer was. Verkeer of mensen kon ik niet waarnemen, het moet een afgelegen plek zijn geweest. Ik woog mijn kansen af om onder de deur door naar buiten te kruipen en te vluchten. Ik deed het niet. S. kon immers achter die deur staan."

Frijlitten

Yn de fierdere tiid fan har ûntfiering krige Van der Gun in soartefan bân mei har ûntfierder, sa fertelt se wiidweidich tsjin AMBER Alert. Uteinlik waard se troch S. by in hotel yn Venlo frijlitten, op dat stuit wie se folslein desoriïntearre. "Ik werd meteen herkend, mijn ontvoering was overal in het nieuws geweest."

Lusanne wennet yntusken tegearre mei har freon en wurket as frachtweinsjauffeur. Se hat ek noch in oprop: se soe graach yn kontakt komme mei de frachtweinsjauffeur dy't op de earste dei fan de ûntfiering de auto fan de dieder fûn, en letter op 'e dei de plysje belle. "Ik heb nooit geweten wie die chauffeur is. Als AMBER Alert destijds al had bestaan, was het vermoedelijk anders gegaan, dan was de chauffeur op de hoogte geweest, had hij meteen alarm geslagen en was ik hoogstwaarschijnlijk al snel bevrijd."

(advertinsje)