Bert Jonker: "Wie heeft hier belang bij?"

15 feb 2018 - 12:30

Bert Jonker, de direkteur fan de haadsponsor fan it team fan coach Jillert Anema, is tige min te sprekken oer it nijs fan in poging ta matchfixing yn Sotsji. Benammen de timing fan it nei bûten bringen fan it nijs stekt him. "Als we het toch over matchfixing hebben, vind ik de timing uitermate ongelukkig", sa fertelt er yn it Omrop Fryslân-programma No yn Fryslân. "Het gaat hier nu niet over. Het gaat nu over de Olympische Spelen en het gaat erom dat de rijders de beste prestatie kunnen neerzetten. Ik vraag me echt af wie hier belang bij heeft." Anema is de coach fan Jorrit Bergsma dy't tongersdei, inkele oeren nei't it nijs bekend wurden is, de striid mei Sven Kramer en Ted-Jan Bloemen oangean moat op de 10 kilometer. "Als je dit naar buiten brengt op dit moment, wie is er hier dan matchfixing aan het doen?"

Jonker is op it stuit yn Súd-Koreä en sil oanwêzich wêze by de 10 kilometer fan de manlju, dêr't ek Jorrit Bergsma ûnder lieding fan Jillert Anema oan meidwaan sil. "Het verhaal over Anema is helemaal niet het gesprek van de dag in de bus, het gesprek gaat over de strijd van Jorrit en Sven", aldus Jonker.

KNSB: De kous is af

Foar it reedridersbûn KNSB is de kwestje fan matchfixing troch coach Jillert Anema fjouwer jier lyn goed ôfhannele troch sportkoepel NOC*NSF. It KNSB sjocht dan ek gjin rol foar harsels. ''Voor ons is de kous af met de reactie fan de sportkoepel'', seit wurdfierder Carl Mureau fan it KNSB.

ISU: Zaak is nieuw voor ons

It ynternasjonale reedrydbûn ISU wist neat ôf fan it foarstel dat Anema fjouwer jier lyn die. "Dit is geheel nieuw voor ons. We hebben NOC*NSF om informatie gevraagd", lit foarsitter Jan Dijkema witte.

Anema die foarstel oan Nederlânske ploech

Tongersdei waard bekend dat Anema by de Winterspelen yn Sotsjii fjouwer jier lyn as bûnscoach fan de Frânske efterfolgingsploech in foarstel dien hat oan de Nederlânske ploech. Hy woe de Nederlanners winne litte, as dy de Frânske reedriders net ynhelje soenen. Anema woe sa foarkomme dat de Frânsen dik ferlieze soene yn de rit tsjin de Nederlanners. Hy wie bang dat it Frânske bûn dan gjin jild mear yn de ploech stekke soe. It NOC*NSF joech Anema in offisjele warskôging foar manipulaasje fan de wedstriid. De Nederlanners wûnen harren rit mei oermacht en giene úteinlik mei goud nei hûs.

(advertinsje)