Ynbraak yn húsdokterspraktyk fan Mantgum

15 feb 2018 - 11:20

Yn de húsdokterspraktyk oan De Wide Hoeke yn Mantgum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ynbrutsen. Om binnen te kommen, waarden de útsetizers fan in rút fernield. De hiele praktyk is trochsocht. Sa't it no liket, is allinnich in kassa mei wikseljild stellen. De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Trefwurden: 
húsdokterpraktyk Mantgum
(advertinsje)