Hurdrider op 'e scooter wol útnaaie, mar giet ûnderút

15 feb 2018 - 11:15

In scooterrider is woansdeitejûn ûnderút gien doe't er besocht oan de plysje te ûntkommen. De plysje seach dat de man fierstente hurd oer de Grinzerstrjitwei ried, mei in snelheid fan sa'n 75 kilometer yn 'e oere.

In kentekenplaat ûntbruts en de bestjoerder en syn passazjier hienen ek gjin helm op. Nei't de plysje in stopteken jûn hie, besocht de bestjoerder út te naaien. Hy foel, mar rekke net ferwûne. Ek syn passazjier kaam mei de skrik frij.

De twa binne oanholden. De scooter wie ek net fersekere. Der is proses-ferbaal opmakke.

(advertinsje)