Bûtenpost bringt grutste knyppunten yn kaart

15 feb 2018 - 10:39

De winkelleechstân, it fertutearzjen fan it park en it ûntbrekken fan in plak foar jongerein. Dat binne de trije grutste knyppunten yn Bûtenpost.

Dat docht bliken út in leefberensûndersyk dat ûnder de ynwenners hâlden is. It ûndersyk is yn opdracht fan de gemeente Achtkarspelen hâlden troch wolwêzenorganisaasje Kearn.

De útkomsten binne yntusken bepraat troch Pleatslik Belang en de gemeente. Der binne net fuortendaliks oplossingen útkaam, mar it projekt krijt wol in ferfolch yn dy sin dat der fierder praat wurde sil mei winkeleigeners, jongerein en oare belutsenen.

Trefwurden: 
Bûtenpost knyppunten
(advertinsje)