Fertochte moardsaak Ketlik stiet foar de rjochter

In toga © ANP
De minderjierrige jonge dy't fertochte wurdt fan de moard op syn âlden yn Ketlik stiet tongersdei foar de rjochter. De slachtoffers Jos Verdonk en Margreet Andriol waarden ein septimber dea fûn yn har hûs oan de Schoterlandsewei yn Ketlik. Dyselde deis noch waard de soan fan it pear oanhâlden as fertochte. Omdat hy minderjierrich is, wurdt de saak efter sletten doarren behannele.
It Iepenbier Ministearje sil nei alle gedachten nei de sitting net folle bekendmeitsje oer ynhâld fan de saak. De ferwachting is dat tongersdei oan de ein fan de middei de eask frijjûn wurdt. De fertochte falt noch ûnder it jeugdstrafrjocht, dit sil betsjutte dat de straffen oanpast wurde oan syn leeftiid.