Grutte kontrôle op fakânsjepark Bergumermeer

15 feb 2018 - 09:33

Der is tongersdei in grutte kontrôle op rekreaasjepark Bergumermeer yn Sumar. De gemeente Tytsjerksteradiel wol witte oft der minsken op it park ferbliuwe en ûnder hokker omstannichheden. Der wurdt dêrby sjoen nei mooglike yllegale bewenning en ûnfeilige wensituaasjes. Ek wurdt kontrolearre oft minsken ûnterjochte in útkearing hawwe of dat der noch boetes of belestingoanslaggen iepen stean.

Njonken de gemeente binne ûnder oare ek de plysje, sosjale fersekeringsbank en it UWV belutsen by de aksje. De resultaten wurde tongersdeitemiddei bekend makke.

(advertinsje)