Kollum: "Minister fan glêd iis"

15 feb 2018 - 07:51
  • De toan fan Botte Jellema

"'Bij het onderzoek is niet over een nacht ijs gegaan' - sa stiet der yn it nijsberjocht fan de Rijksoverheid oer wat no de 'kalverfraude' hjit. In opmerklike sin, want wêrom soe in lêzer tinke kinne dat de Rijksoverheid miskien al oer ien nacht iis gien is?

Dat soe in lêzer tinke kinne, om't wa't him ris ferdjippet yn dizze matearje, him alris efter it ear skrabbe hat. Ik tink dat de reedriders by Ryptsjerk foarsichtiger wiene, ferline wike. Wat is der oan 'e hân?

Op 23 jannewaris wie it grut nijs: neffens minister fan Lânbou Carola Schouten fraudearje boeren op grutte skaal mei de registraasje fan it tal melkkij dat se hawwe. Dat soene de boeren dien hawwe troch mear mearlingen op te jaan, en guon kij dy't wol ôfkealle hawwe net as nije melkko op te jaan. It foardiel foar de boer is dan dat de ko net folslein meitelt foar de fosfaatregeling, en dat skeelt jild. De Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit, de NVWA, hie dit konstatearre om't der yn 2017 ynienen by in protte bedriuwen opfallend mear mearlingen registrearre waarden as foarhinne.

Gewoanwei is trije oant fiif prosint fan de kealtsjes mearling. Mar ferline jier wie dat by 5700 bedriuwen mear as fiif prosint, en by twatûzen bedriuwen sels mear as tsien prosint. Dat betsjut dat 7700 bedriuwen, sa'n 45% fan alle Nederlânske melkfeehâlders, fertocht wie!

It wie grut nijs: boeren fraudearje mei kealtsjes, en fraude, sa sei de minister by de NOS, is altyd ûnakseptabel, wat fansels gjin nijs is, mar hawar, en dat se it tige kwealik fynt dat dit bart.

Mar hjir komt it. Dat hiene se konstatearre by in kontrôle op 99 bedriuwen, dêr't by 47 wat mis wie. Opfallend, dat getal, want sa'n bytsje deselde 45% dus.

Dus ik hâld dat in bytsje yn 'e gaten de lêste dagen. Op 8 febrewaris kaam der wer nijs fan de NVWA - 2100 melkfeebedriuwen moatte op slot, want dêr binne ûnregelmjittige saken ûntdutsen by de registraasje fan kealtsjes. Hey - wat is der ynienen bard mei dy 7700 - 2100 = 5600 oare fertochte bedriuwen? Die skandalich grutte fraude is miskien dochs wat minder grut?

En op sneintemiddei kaam der wer nijs fan de NVWA: fan de 2100 is by 150 de blokkade opheft. Binnen trije dagen nochris 150 der ôf, wat de teller no set op 1950 fertochte bedriuwen. Dat is noch gjin tolve prosint fan de Nederlânske melkfeehâlders, en betsjut dus dat net de helte fan de bedriuwen fertochte is, mar in achtste. En dan moat it ûndersyk noch begjinne.

Fandêr dus dat sintsje 'Bij het onderzoek is niet over een nacht ijs gegaan'. En dat sintsje koe best ris klopje, mar we moatte it sa útsprekke: 'Bij het ONDERZOEK is níet over een nacht ijs gegaan' - en dêr efteroan tinke: 'maar bij de publicatie van dit verhaal, is het wel grondig mis gegaan, en Carola Schouten zou ik niet volgen wanneer die zegt dat de Ryptsjerksterpolder wel zal houden.'

It is tige kwealik dat dit bart. Fansels - as der boeren binne dy't mei opsetsin rotsoaie mei harren administraasje, dan moat der optreden wurde. Mar ik stek myn hân net yn it fjoer fan myn eigen administraasje. Net om't ik der in púnheap fan meitsje, mar om't der altyd oeral wat mis rinne kin. Dat is dan jammer en stom, mar gjin fraude.

Folle slimmer is noch, dat hjir in komplete sektor ôfservearre waard, troch in minister fan Lânbou dy't dêr noch gjin trije moannen siet. En dat is kwealik. Want wa fan de gemiddelde Nederlanner folget no de nijsberjochten fan de NVWA? De skea oan it imago kinst nea weromdraaie. De NVWA skriuwt dat it ûndersyk de kommende wike fuortset wurdt. No, ik winskje se sukses, en ik hoopje dat hjir nochris in pear stevige fragen fan sjoernalisten op folgje. Ek oan Carola Schouten, minister fan glêd iis."


 

(advertinsje)