Melkfeehâlders begjinne petysje tsjin it ministearje

15 feb 2018 - 06:38

Dupearre melkfeehâlders binne in petysje tsjin de oerheid begûn. Se fine dat se kriminalisearre wurde en dat guon bedriuwen ûnterjochte blokkearre binne op fertinking fan fraude.

Minister Carola Schouten fan Lânbou liet 2100 bedriuwen blokkearje fanwege fraude mei de registraasje fan jongfee. Dat is neffens de boeren net terjochte. Sy easkje dat alle bedriuwen dy't neat mei de fraude te krijen hawwe mei faasje wer frijjûn wurde. Se sizze ek dat se grutte imagoskea hawwe troch de hannelwize fan it ministearje. De petysje is yn in dei tiid al hast 2000 kear tekene. 

(advertinsje)