Warskôging foar ferkear: glêdens troch snie

15 feb 2018 - 06:31

It ferkear moat rûnom yn Fryslân rekken hâlde mei glêde diken. Hast oeral yn de provinsje leit der in lyts laachje snie, wat soargje kin foar gefaarlike situaasjes. It KNMI hat dêrom in koade giel ôfjûn foar ús provinsje. Op de A32 by Wurdum bygelyks, moat it ferkear rekken hâlde mei in fertraging trochdat in frachtwein fan de dyk rekke is. 

By Wytmarsum moasten helptsjinsten tongersdeitemoarn betiid yn aksje komme op de Rijpenderlaan. In bestelbuske wie dêr fan de dyk ôfrekke, en tsjin in beam ta stilstân kaam. Neffens tsjûgen is de bestjoerder hjirby net ferwûne rekke. 

Trefwurden: 
ferkear waar glêdens snie
(advertinsje)