Anema besocht te matchfixen by Spelen yn Sotsji

15 feb 2018 - 08:19

Reedrydcoach Jillert Anema hat mei de Winterspelen yn Sotsji in offisjele warskôging krigen foar matchfixing. Hy krige in warskôging foar it skeinen fan olympyske wearden, seit chef de mission Maurits Hendriks.

Fûnsen

Anema wie coach fan de Frânske efterfolgingsploech en wie troch blessueres benaud foar in ôfgong fan syn riders tsjin it Nederlânske team en dêrmei it ferlies oan fûnsen. Hy frege de Nederlânske bûnscoach om rêstich oan te riden. De Frânsen soene de winst dan oan de Nederlanners gunne. 

De Nederlânske ploech wûn de rit tsjin Frankryk oertsjûgjend en helle dêrmei de heale finales. Uteinlik pakte Nederlân goud.

Mei in brief teplak set

Yn in brief fan sportkoepel NOC*NSF wurdt dúdlik wat Anema krekt foarsteld hie. Chef de Mission Hendriks krige te hearren dat Anema oan it Nederlânske team foarsteld hie "om het Franse team niet in te halen tijdens de race die beide teams tegen elkaar moesten rijden op 21 februari jl. Als tegenprestatie gaf u de garantie dat mocht er een schaatser van het Nederlandse team ten val komen, de Franse schaatser A. Contin zich zou laten zakken, zodat de winst van het Nederlandse team veilig gesteld zou zijn."

Yn de brief wurdt fierder skreaun dat it bestjoer fan NOC*NSF it "bij deze vaststelling laat", en dus gjin maatregelen nimme soe tsjin de poging ta matchfixing fan Anema. "Wij gaan ervan uit dat het in de toekomst niet meer zal voorkomen."

Freed reaksje sportkoepel

NOC*NSF seit dat de sportkoepel freed mei in reaksje komme sil fanút it Súd-Koreaanske Gangneung: "We willen vandaag de focus op de 10 kilometer niet verstoren". Dêrneist hat NOC*NSF ek wat tiid nedich: "Om te onderzoeken en uit te zoeken waarom we vier jaar geleden hebben gedaan wat we destijds deden.''

UPDATE (19:31 oere) Sportkoepel NOC*NSF hat it ynternasjonaal Olympysk komitee (IOC) offisjeel op de hichte brocht fan de saak-Anema.

(advertinsje)