Curling hieltyd populêrder yn Fryslân

14 feb 2018 - 22:59

De sport curling wint hieltyd mear oan populariteit, ek yn Fryslân. Sa dienen der woansdeitejûn tweintich teams mei oan it Iepen Nasjonaal Studintekampioenskip Curling. Yn de Alvestêdehal yn Ljouwert krigen de studinten earst útlis oer de spulregels, om dêrnei fuort mei te dwaan oan it kampioenskip.

De organisaasje hopet dat troch dit iepen kampioenskip mear minsken entûsjast wurde foar de sport en lid wurde fan de klup yn Ljouwert of It Hearrenfean.

(advertinsje)