Deputearre Steaten praat mei feehannelers oer ferhuzing

14 feb 2018 - 22:24
  • Ferslachjouwer Froukje Sijtsma wie op de feemerk yn Ljouwert

It folsleine kolleezje fan Deputearre Steaten hat woansdeitejûn in besite brocht oan de feemerk yn Ljouwert. Yn july takom jier moat de merk in nij ûnderkommen sykje fanwegen de plannen foar it nije Cambuurstadion. "It kolleezje wol graach fan de feehannelers hearre hokker saken spylje en wat der krekt te rêden is", fertelt deputearre Johannes Kramer.

Foarsitter Andries Kingma fan de Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland is bliid mei it omtinken fan it kolleezje. "It is frij konkreet dat wy hjir yn july 2019 wei moatte. Dat wachtsje wy fansels net ta it lêste momint ôf, mar wy sjogge no al om ús hinne foar geskikte lokaasjes." It stribjen is om de lokaasje yn Ljouwert te hâlden. "Dat is al iuwenlang sa en wy fine it belangryk dat dat sa bliuwt", beslút Kingma.

Trefwurden: 
feemerk Ljouwert
(advertinsje)