Fryske cheerleaders fleane nei Olympyske Spelen yn Súd-Koreä

15 feb 2018 - 06:45

In groep Fryske cheerleaders fljocht dit wykein nei Súd-Koreä, om dêr op te treden by de Olympyske Spelen. De Friezen binne dêr as ûnderdiel fan in lanlik team, mei yn totaal sa'n tweintich cheerleaders. Doel fan de reis is it oanpriizgjen fan it cheerleaden, om der in offisjele Olympyske sport fan te meitsjen. It cheerleaden is oardel jier lyn yn earste ynstânsje wol erkend, mar noch net oan it Olympysk programma taheakke. Om dy kâns sa grut mooglik te meitsjen, gean de cheerleaders dit wykein nei Pyeongchang.

Der wurde gjin offisjele wedstriden hâlden, mar it team komt yn aksje tusken oare wedstriden yn en by de slutingssearemoanje. Ien fan de Fryske chearleaders dy't meigiet, is Margreet Steg út Appelskea. Sy hopet dat it cheerleaden by de Spelen fan 2024 op it offisjele programma stiet.

(advertinsje)