Tefredenheid oer stakingsdei basisûnderwiis

14 feb 2018 - 21:21

Hast alle Fryske basisskoallen wiene woansdei ticht foar de tredde grutte staking yn it basisûnderwiis. Diskear gie it om in estafettestaking. Dat betsjut dat der no staakt is yn it Noarden en letter folgje it midden fan Nederlân en it suden. Under oare yn Grou koene juffen en masters har opjaan as staker. Wendy Alberts-Jorritsma is skoaljuffer yn Goutum, mar ek regiokoördinator fan it nije fakbûn PO-front. Sy is hiel tefreden oer it ferrin fan de aksjedei en de opkomst. "Het was fantastisch. Heel veel leerkrachten zijn gekomen. Waar ik op hoopte, is waar geworden."

Leden fan it FNV en CNV krije jild út de stakingskas, mar dy fan it nije fakbûn PO-front net. "Wij hebben geen stakingskas", sei Alberts-Jorritsma. "De bijdrage per jaar is ook veel lager. Ik krijg vandaag dus niet uitgekeerd, maar dat is niet erg. Dat heb ik er wel voor over."

Alberts-Jorritsma tinkt dat der noch wol mear stakingen komme sille. "Ik denk tot we ons gelijk hebben gehaald. De werkdrukverlaging is al gelukt, maar nu het salaris nog."

Trefwurden: 
staking basisûnderwiis
(advertinsje)