FIDEO: Gouden rit Jorien ter Mors folgje yn Alvestêdehal

14 feb 2018 - 19:55

It kin jo net ûntgien wêze. Foar de fiifde dei op rige hat in Nederlânske reedrider in gouden medalje helle op de Olympyske Spelen. Jorien ter Mors wie woansdeitemiddei de fluchste op de 1000 meter. Marrit Leenstra en Ireen Wüst spilen gjin rol fan betsjutting, sy einigen as sechde en njoggende. Ferslachjouwer Andor Faber folge mei oare belangstellenden it reedriden woansdei yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Guon besikers stiene lykwols leaver sels op it iis. 

Tongersdei wurdt der op 'e nij fjoerwurk ferwachte. Dan stiet de 10 kilometer, mei Sven Kramer én Jorrit Bergsma, op it programma.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)