Basisskoalle Surhuzum lûkt oan de bel oer fernielingen

De Johannes Looijenga Skoalle yn Surhuzum © Google Streetview
De Johannes Looijenga Skoalle yn Surhuzum hat oan de bel lutsen oer fernielingen oan it skoalgebou. De skoalle hat alle âlden fia in brief op 'e hichte steld fan de fernielingen. Ek de gemeente en de plysje binne ynformearre.
De basisskoalle hat de ôfrûne tiid ferskate kearen te krijen hân mei fandalisme. Sa waard yn de krystfakânsje noch de CV-ynstallaasje fan de skoalle opblaasd mei swier fjoerwurk. Neffens de skoalle wie der foar goed sântûzen euro skea oanrjochte.