Steuring foarby, Fries Museum iepen op Valentijnsjûn

14 feb 2018 - 17:49

It is slagge om de systemen fan it Fries Museum yn Ljouwert wer op te starten, nei de stroomsteuring fan woansdei yn de stêd. Dat betsjut dat it museum woansdeitejûn gewoan iepen kin. Spesjaal foar Valentijnsdei is der in romantyske jûnsiepenstelling. Besikers kinne ferskate útstallingen besjen, mar ek neiborrelje yn it kafee. 

De stroomsteuring wie oan de ein fan woansdeitemoarn en waard ek rillegau wer oplost. By it Fries Museum woe it ljocht lykwols net wer oan en dêrom wie it net fertroud om besikers binnen te litten. It museum gie dêrom ticht.

Ek op it stasjon fan Ljouwert wie woansdeitemiddei gjin stroom. As gefolch dêrfan wurken de poartsjes foar it yn- en úttsjekken net. Der waard in tydlike peal delset.

(advertinsje)