FIDEO: Alle reedrydtoppers komme by Johannes Feenstra

14 feb 2018 - 18:40

Sven Kramer en Ireen Wüst komme by him thús, mar eins komme alle ynternasjonale reedrydtoppers by Johannes Feenstra as der wat mei de redens is. Want allinnich oan him fertrouwe se harren redens ta. It giet om de details, krekt it goeie plak fan in fiterrinkje, dat kin in hûndertste skele.

Neffens Feenstra sit dat ek wol in bytsje tusken de earen by de reedriders. "Ien fan myn meiwurkers hat ris sein: As Johannes seit dat it goed is, dan is it ek goed. Dat klinkt eigenwiis, mar sa wurdt der wol mei omgien by de topsporters."

It sukses fan de reedriders strielet ek ôf op Feenstra, seit er. "As se op it poadium stean, stean ik der ek in bytsje neist. Ik haw dochs meiwurke oan it produkt, dat hiel belangryk foar harren is."

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)