PvdA hat noed oer opstappen Ype Smid by SC Cambuur

14 feb 2018 - 17:35

De PvdA yn Ljouwert makket him soargen oer it opstappen fan Ype Smid as foarsitter fan de ried fan kommissarissen by SC Cambuur. De fraksje stelt der no skriftlike fragen oer, oan boargemaster en wethâlders. De PvdA stelt yn syn fragen dat der nochal wat ûnrêst ûntstien is ûnder de supporters. Dy soe fral gean oer de nijbou fan it stadion. De PvdA fraksje wol no witte oft de nijbou fan it stadion noch op skema leit. Ek freget de PvdA oan it kolleezje oft it finansjele plaatsje noch hieltyd kompleet is. Fierder freget de fraksje oft der ek noch wer in ynformaasjejûn komt oer it stadion, dêr't de supporters mei har fragen terjochte kinne.

Ype Smid stapte moandei op as foarsitter fan de ried fan kommissarissen by Cambuur, wylst syn termyn noch oant jannewaris 2019 duorre. De klup hat gjin reden jûn foar syn opstappen. Smid sels hat der oant no ta gjin kommentaar op jaan wollen.

Trefwurden: 
Ype Smid SC Cambuur PvdA
(advertinsje)